INGWIERRUM, sjong fan eigen buorren, Sa’t dy hjir op it terplân leit, ’t Is mear as wenten en as skuorren, It is in stik bislettenheit. Bislettenheit net mear allinne Nei bûtenút en om ús hinne, Mar mear bisteande yn de geast, Dy’t hja bitoant by folle barren, Dy’t ús bisielet mei elkoarren, Hwant goede buorskip jildt it meast. Sadwaende, dat ek allegearre, Dy’t earne wenje yn’t rounom Wol fiele, dat hja by ús hearre, Dat net forstean, is in forsom. De doarpsmienskip, dy’t ús omfettet, Us libbens oanelkoarren keatlet, Is ús in weardefol bisit; Dy moatt’ wy stypj’ yn alle fâlde, Dy moatt’ wy bliuwend ûnderhâlde En nearn’ yn tsjingean, sa’t elk wit. | | Wêz’ wolkom dan fan alle kanten, Fan ’t Nijlân of Bûtendyk, Dy’t nimm’ en jowe, binne klanten, Wy wurde fan ús earmoed ryk; Fan Fellingen of fan Barwegen Oan allegear leit ús gelegen, De Sylsters binne wiss mei ús! Dy ha net oars as moederaesje, Dy freezje foar gjin anneksaesje, Dy fiele har by ús krekt thús. Yn’t barre Noarden leit INGWIERRUM, Bisiden ’t greate wrâldsk gedoch, Mar ’t libben hjir is gjin getjirm, En ús bistean net sa ùnsjoch; Wy soene it net oars bigearre, En dy’t ús neijer kennen leare, Hoe ûnderskaet fan tsjerk’ en kleur, Dy wol hjir neist en mei ús libje, Nei hechter, gever mienskip strjibje, En diele yn ús striid en fleur. |