Home
Nieuws / Agenda
Nieuwsbrief
Bedrijven
Voorzieningen
Verenigingen
Recreatie
Contactformulier
Alles over het dorp
Historisch Engwierum


 

     

 

`                

 

  

 

 Ringrijderij Engwierum april 2012

               

Doarpsliet fan Ingwierrum   

         

 

   

                   Liet 1 en 2

         

                   Liet 3 en 4

INGWIERRUM, sjong fan eigen buorren,
Sa’t dy hjir op it terplân leit,
’t Is mear as wenten en as skuorren,
It is in stik bislettenheit.
Bislettenheit net mear allinne
Nei bûtenút en om ús hinne,
Mar mear bisteande yn de geast,
Dy’t hja bitoant by folle barren,
Dy’t ús bisielet mei elkoarren,
Hwant goede buorskip jildt it meast.
 
Sadwaende, dat ek allegearre,
Dy’t earne wenje yn’t rounom
Wol fiele, dat hja by ús hearre,
Dat net forstean, is in forsom.
De doarpsmienskip, dy’t ús omfettet,
Us libbens oanelkoarren keatlet,
Is ús in weardefol bisit;
Dy moatt’ wy stypj’ yn alle fâlde,
Dy moatt’ wy bliuwend ûnderhâlde
En nearn’ yn tsjingean, sa’t elk wit. 
 
Wêz’ wolkom dan fan alle kanten,
Fan ’t Nijlân of Bûtendyk,
Dy’t nimm’ en jowe, binne klanten,
Wy wurde fan ús earmoed ryk;
Fan Fellingen of fan Barwegen
Oan allegear leit ús gelegen,
De Sylsters binne wiss mei ús!
Dy ha net oars as moederaesje,
Dy freezje foar gjin anneksaesje,
Dy fiele har by ús krekt thús.
 
Yn’t barre Noarden leit INGWIERRUM,
Bisiden ’t greate wrâldsk gedoch,
Mar ’t libben hjir is gjin getjirm,
En ús bistean net sa ùnsjoch;
Wy soene it net oars bigearre,
En dy’t ús neijer kennen leare,
Hoe ûnderskaet fan tsjerk’ en kleur,
Dy wol hjir neist en mei ús libje,
Nei hechter, gever mienskip strjibje,
En diele yn ús striid en fleur.

 

    

 info@engwierum.com    

 

                                                                                                                                                                                                                                                         

 

 

Engwierum / Dokkumer Nieuwe Zijlen | info@engwierum.com